Trije rydstroken by Koarnwertersân ôfsletten fanwege stoarm

06 jun 2017 - 22:10

Yn ferbân mei de hurde wyn slút Rykswettersteat op de Ofslútdyk by Koarnwertersân trije fan de fjouwer rydstroken ôf. By de sluzen stean steigers en ien dêrfan is ynstabyl. Om foar te kommen dat der ûngelokken fan komme, wurde de rydstroken ôfsletten. It ferkear kin de sluzen om en om passearje, dat wurdt regele mei ferkearsljochten. It is net bekend wannear't alle rydstroken wer iepensteld wurde.

De stoarm hat fierder yn Fryslân net foar grutte problemen soarge. Op Skylge hienen de tinten fan it Oerol-festival it swier, op ferskillende plakken holden dy it net. Yn Ljouwert waaiden de spoarbomen by de Skrâns hieltyd nei ûnderen.

(advertinsje)
(advertinsje)