Auto te wetter by Bûtenpost, persoan al út de auto
By de Lauwersmarwei by Bûtenpost is tiisdeitemiddei tsjin seizen in auto te wetter rekke. Der siet ien persoan yn de auto, dy koe sels út de auto kommen. Hy is oerdroegen oan de minsken fan de ambulânse.
Hoe't de auto dêr yn it wetter reitsje koe, is noch net dúdlik, de plysje ûndersiket dat noch. In berger hat de auto út it wetter helle.