Tal skriezepiken nimt stadichoan wer wat ta

06 jun 2017 - 17:37

Der wurde wer behoarlik wat skriezepiken yn it lân sjoen. Dat is goed nijs foar de fûgels, want it hat de ôfrûne jierren wolris oars west. Dochs is der noch gjin oanlieding foar in feestje, sa warskôget it Bûn fan Fryske Fûgelwachten. Genôch is it net, sa seit it BFVW, dêrfoar moatte suver alle boeren mei greide harren ynsette foar greidefûgels.

Mei de strânljip liket it dit jier net goed te gean. De fûgels lizze net in soad aaien, sa sjogge de fûgelwachters. Dat komt nei alle gedachten troch de drûchte. Folwoeksen strânljippen hawwe wjirmen nedich en dy sitte dan te fier fuort.

Trefwurden: 
skries piken fûgel BFVW
(advertinsje)
(advertinsje)