Earder in baan as in diploma: Run op pabo-stazjêres

Underwiis © Omrop Fryslân
Pabo-studinten yn it noarden hawwe faak earder in baan as it diploma. De Volkskrante melde tiisdei dat der yn it westen fan it lân in run is op pabo-stazjêres. By de NHL herkenne se dat byld ek. Tredde- en fjirdejiers-studinten dy't goed foldogge krije fan de skoalle of de koepel al in baan oanbean. Soms is dat fuortendaliks in fêst kontrakt.
Ek it tal oanmeldings foar de pabo is flink heger as twa jier lyn. Fan it oantal studinten is 30% in man. Masters binne tige populêr by de basisskoallen, omdat de lêste jierren dêr hast allinnich mar juffen oan skoalle stean.