Stoarm rjochting syn hichtepunt: beam omwaaid yn Dokkum

06 jun 2017 - 17:08

De kommende oeren komt de stoarm op syn hichtepunt, sa seit Piet Paulusma. De hurde wyn hat oant no ta noch net folle skea feroarsake. Allinnich yn Dokkum waaide op de Suupmarkt in beam om. De beam foel oer de dyk mei de tûken tsjin de gevel fan in hús.

Dêrby ûnstie allinnich in barst yn in glês-yn-lead-rút. De gemeente hat de beam oprêden.

Trefwurden: 
stoarm Dokkum beam
(advertinsje)
(advertinsje)