Finansjele ynjeksje foar agraryske sektor

06 jun 2017 - 17:01

Bedriuwen út de agraryske sektor dy't in stap sette wolle op it gebiet fan ynnovaasje, eksport en kennisfergrutting kinne dêr fan july ôf subsydzje foar krije. Dat hat de provinsje tiisdeitemiddei bekend makke. De subsydzje is bedoeld foar leden fan it Dutch Dairy Centre, in groep fan sa'n fjirtich bedriuwen út de agraryske sektor. De provinsje en de oansletten bedriuwen stelle foar de regeling yn it earste jier beide 75.000 euro beskikber. As it in sukses is, wurdt de regeling ferlinge.

Neffens deputearre Johannes Kramer is de regeling foaral bedoeld om de konkurrinsjeposysje fan de agraryske bedriuwen fierder te fersterkjen. Bedriuwen kinne de subsydzje ûnder oaren brûke om kontakten te lizzen met binnen- en bûtenlânske partners en klanten, if folgjen fan in kursus of it testen fan in besteand of nij produkt. De maksimale subsydzje bedraacht fyftich persint fan de kosten mei in boppegrins fan 10.000 euro. 

Trefwurden: 
subsydzje boeren
(advertinsje)
(advertinsje)