Earste kear: lyts seehûntsje berne yn AquaZoo

© AquaZoo
Yn bistepark AquaZoo is foar it earst in seehûntsje berne. It giet goed mei de mem en de nije oanwinst, it is noch net bekend oft it in mantsje of in wyfke is. Der wenje yn AquaZoo alve gewoane seehûnen. In seehûn draacht tsien en in heale moanne en krijt per kear ien jong, dat fuortendaliks ek al swimme kin.
It jong drinkt sa'n fiif wike by de mem en wurdt yn dat skoftke twa kear sa swier.