Gelke Broersma hat trije alvestêdetochten folbrocht

06 jun 2017 - 16:40

Kuierje, steppe en fytse: Gelke Broersma fan Koudum hat it de ôfrûne tiid allegearre dien. Twa wiken lyn kuiere Broersma noch mei yn de alvestêdetocht. Ofrûne sneon pakte er syn autopet en makke er deselde tocht troch Fryslân. Ta beslút fytste Gelke Broersma moandei de tradisjonele fytsalvestêdetocht en folbrocht er de trije ferskillende tochten.

''Ik kin noch rinne'', fertelt Gelke. ''Sere billen haw ik wol en myn spieren binne ek wol wat stram. Fierder giet it bêst, it falt my neat ôf!'' Nei de kuiertocht wie it ôfrûne sneon de beurt oan de autopet. ''Om tolve oere middeis binne wy begûn. Doe hawwe wy de hiele nacht trochhelle en dêrnei hawwe wy de tocht ôfmakke.''

''Wisten wat ús te wachtsjen stie''

In bytsje ta rêst komme wie der foar Gelke Broersma net by. Op moandeitemoarn om fiif oere stie er alwer mei syn fyts yn Boalsert. ''De wyn wie eins wer itselde. Wy wisten al in bytsje wat ús te wachtsjen stie. Oant en mei Dokkum gie it prima, mar it stik nei Boalsert wie dreech. Mar dochs wienen wy om kertier foar fiven wer oan de einstreek. Moai op 'e tiid werom.''

''Folgjend jier wer''

Gelokkich koe Gelke tiisdeitemoarn in bytsje útsliepe. Wol moast er him om healwei tolven wer melde by syn wurk yn de hoareka. Folgjend jier is hy gewoan wer fan de partij. ''Underweis tinke je: wêrom doch ik hjir altyd oan mei? Mar efterôf bin ik wer hiel tefreden dat ik meidien ha. Folgjend jier bin ik der wer by.''

(advertinsje)
(advertinsje)