ANWB: Net de dyk op mei karre of caravan fanwege hurde wyn

06 jun 2017 - 15:23
Foto: ANP

Net de dyk op mei in karre of caravan, dêrfoar warskôget de ANWB. Oanlieding binne de hurde wynstjitten dy't ferwachte wurde. Benammen oan de kust en om de Iselmar hinne kin ferkear dêr lêst fan hawwe. Yntusken is oan de kust by IJmuiden in offisjele stoarm mjitten. Dat betsjut dat de wyn dêr krêft njoggen helle hat. It KNMI hat ek koade giel ôfjûn, dy jildt oant woansdeitemiddei fjouwer oere.

De gemeente Súdwest-Fryslân hat niiskrekt krekt bekend makke dat de gemeentlike brêgen fanwege de hurde wyn net mear betsjinne wurde. Dat is fan no oant neier berjocht.

Trefwurden: 
ANWB koade giel
(advertinsje)
(advertinsje)