Knappe Feanster befeiliger giet viral nei Pinkpop-tweet

06 jun 2017 - 15:13

It sil dy mar gebeure. Ien hat in foto fan dy naam, dizze wurdt op Twitter set en mar leafst 14.000 kear dield en 32.000 kear 'liked'. Dit oerkaam Boy Roeles fan It Hearrenfean dit wykein.

Boy wie ôfrûne wykein as befeiliger oan it wurk op it festival Pinkpop. In famke naam in foto fan him om't se him sa knap fûn en pleatste de foto op Twitter mei de fraach wa't him ken. De tweet waard omraak retweet en levere in soad reaksjes op. "Dit verwacht je niet", seit Boy. "Dit is heel bijzonder!"

"Telefoan ûntploft"

Boy: "Ik kreeg een berichtje van mijn vriendin met de foto en hoe vaak deze al geliked was. Ik schrok er best van en dacht 'wat gebeurt hier nou?!' Van het één kwam het ander en mijn beltegoed was binnen een uur op, zoveel berichten kreeg ik. Het ontploft inmiddels op mijn telefoon!"

Justin Bieber

Boy fynt it wol komysk dat hy it middelpunt is fan in foto, dêr't op de eftergrûn superstjer Justin Bieber in optreden jout. Hy wit noch net goed wat er mei alle oandacht moat: "Verschillende media willen met mij praten. De VARA wilde ook een interview." Boy lit alle oandacht mar op him ôf komme, mar hat wol in boadskip foar ynteressearre froulju: "Ik heb een vriendin en ben daar heel blij mee."

Hy hat noch gjin kontakt hân mei it famke dat de foto op Twitter sette. Mooglik komt dat de kommende tiid noch.

Trefwurden: 
Boy Roeles Pinkpop Twitter
(advertinsje)
(advertinsje)