Noppert dit jier opnij yn aksje op Grand Slam of Darts

06 jun 2017 - 15:00

Darter Danny Noppert fan De Jouwer is dit jier opnij útnûge foar de lukrative Grand Slam of Darts yn it Ingelske Wolverhampton. Dat hat de PDC, de Professional Darts Corporation, tiisdeitemiddei bekend makke. Troch de finaleplak fan de Jouster op de Lakeside yn jannewaris, hat it dartbûn besletten him opnij út te nûgjen. Noppert is ien fan de 32 darters dy't healwei novimber stride sille om de totale prizepot fan goed in heal miljoen euro.

Ferline jier spile de 26-jierrige darter ek al op de Grand Slam. Doe ferlear er yn de achtste finales yn in kreaker mar krekt fan twafâldich wrâldkampioen Gary Anderson.

(advertinsje)
(advertinsje)