Hearrenfean-spiler Van Koesveld opnij ferhierd oan Helmond

06 jun 2017 - 14:01
Robert van Koesveld - Foto: AWfoto.nl

Hearrenfean-spiler Robert van Koesveld wurdt ek it kommend seizoen ferhierd oan Helmond Sport. De 22-jierrige ferdigener spile it ôfrûne seizoen al 25 duels foar de ploech út Brabân. Hy kwalifisearre him mei Helmond Sport ek foar de play-offs, mar ferlear yn de heale finale.

(Advertinsje)
(Advertinsje)