Sneltsjinsten Flylân ferfalle troch stoarmich waar

De sneltsjinst fan Rederij Doeksen © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
Rederij Doeksen lit woansdei de sneltsjinst nei Flylân ferfalle. Dat hat te krijen mei de súdwesterstoarm dy't foar it Waadgebiet ferwachte wurdt. It giet ûnder oare om de boat fan healwei njoggenen fan Harns nei it eilân, om de boaten tusken Flylân en Skylge en om de tocht op de neimiddei fan Flylân nei Harns. Yn stee dêrfan fart der trije kear in gewoane boat.
De sneltsjinst nei en fan Skylge giet wol gewoan. Mear ynformaasje is te finen op de webside fan Doeksen.