"Froskepôle by Ljouwert moat nij libben yn blaasd wurde"

06 jun 2017 - 13:10

It eilân De Froskepôle by Ljouwert is ûnfeilich en slim fertutearze. Dat is ivich skande, fine ûndernimmers fan bedriuweterrein De Hemrik, dat flakby de Froskepôle leit. Foarhinne wie it eilân in wichtich rekreaasjegebiet foar de stêd Ljouwert. De ûndernimmers ha in wurkgroep opset om it gebiet nij libben yn te blazen. Neffens harren is it heech tiid foar 'refitalisearring' fan it eilân. Se sille dêr dizze wike oer prate mei wethâlder Friso Douwstra fan Ljouwert.

Wat de ûndernimmers foar eagen stiet is in feilich en oantreklik eilân, dat ek tsjinst docht as passantehaven. As it oan de ûndernimmers leit wurdt it eilân noch dit jier opknapt. Se binne hastich, want sa't it eilân der no hinne leit, fine se ûnakseptabel. 

Trefwurden: 
opknappe Froskepôle Ljouwert
(advertinsje)
(advertinsje)