Keramykmuseum Princessehof ticht foar jubileumferbouwing

Keramykmuseum Princessehof © Omrop Fryslân
Keramykmuseum Princessehof yn Ljouwert slút tydlik fan 9 oktober oant heal novimber. It museum is oan it ferbouwen om ein dit jier it hûndert-jierrich jubileum te fieren. De entree, it kassagebiet, de teesalon en de tún wurde folslein fernijd. Ek krijt de fêste kolleksje in nije opstêlling. It iuwfeest wurdt ek fierd mei in nije grutte tentoanstelling fan hjoeddeiske keramyk út East en West, en twa eksposysjes fan keunstner Johan Tahon en ûntwerper Floris Wubben.
Op dit stuit is Sexy Ceramics te sjen yn it Princessehof.