Kearslûzen sletten fanwege hurde wyn

06 jun 2017 - 12:40
Heechwetter op Flylân (argyffoto) - Foto: Omrop Fryslân

Fanwege de hurde wyn wurde ferskate kearslûzen yn de provinsje sletten. Tiisdeitemiddei om trije oere gean de kearslûzen yn Goaiïngaryp, Broek en Lange Sleat ticht. Ek de Jouster slûs wurdt sletten.

Troch de hurde wyn komt it wetter heger te stean. Der is dan kâns op oerstreamingen. Om dit foar te kommen nimt Provinsjale Wettersteat de maatregel. De slûzen bliuwe oant tongersdeitemoarn 9.00 oere yn elts gefal ticht.

Trefwurden: 
kearslûs
(Advertinsje)
(Advertinsje)