Oanlis otterdûker by De Feanhoop úteinset

Yn natuergebiet De Kraanlannen by De Feanhoop is tiisdei úteinset mei de oanlis fan in nije otterpassaazje. Sa kinne de bistjes feilich yn de Alde Feanen komme. Der is in ottersteltsje mei trije jongen sjoen yn de Kraanlannen. By it natuergebiet wie al in dûker, mar de otters stutsen noch altyd de dyk oer.
De nije passaazje wurdt in saneamde drûge dûker. Net dat de otters in hekel hawwe oan wiete poaten, mar se wolle graach it ljocht oan de ein fan de tunnel sjen. Foar de oanlis is in stik fan de Kraenlânswei iepenbrutsen. It ferkear kin dêr net del. De ferwachting is dat de wurksumheden nei trije dagen klear binne.