Tips oer enerzjysunich wenjen

Ynwenners fan Skarsterlân binne entûsjast oer enerzjy-sunich wenjen. Dat die bliken út de grutte opkomst op de jûn 'Tûk wenjen yn Skarsterlân'. Op de jûn wie ynformaasje oer subsydzjes dy't beskikber binne om huzen enerzjysuniger te meitsjen. Der is 500 euro beskikber foar de earste 200 huzen. Lokale boubedriuwen fertelden oer de nijste ûntwikkelings en banken fertelden oer de mooglikheden fan finansiering. Nije wike binne noch fjouwer sokke jûnen.