Weryndielingsjûn oer B'him

Ynwenners fan Ljouwert krije elk in útnoeging foar in jûn oer de weryndieling mei Boarnsterhim. Dit inisjatyf komt fan it CDA en is oernaam troch de oare fraksjes. Earder dit jier wie ek al sa'n jûn, mar doe kamen der hast gjin Ljouwerters op ôf. Foar't de gemeenteried ein novimber beslút oer de weryndieling wol de ried de ynwenners in kâns jaan om ynformaasje te krijen oer de weryndieling. It beslút wurdt begjin 2012 nommen.