"Stek 2 miljoen euro yn fyts-kuierpaad by Snitser Trekfeart"

Romte foar fyts-kuierpaad nei Boalsert © Henk Bootsma
Gemeentebelangen Totaal-Lokaal yn Súdwest-Fryslân wol dat de gemeente 2 miljoen euro ynset foar de oanlis fan in fyts- en kuierferbining lâns de Snitser Trekfeart rjochting de Lytse Marren. It jild moat komme út de 7,5 miljoen euro dy't de gemeente op de begrutting oerhâldt. Der wurdt neffens de fraksje al 20 jier ''fochten'' foar it Lytse Marrenplan. De PvdA yn de eardere gemeente Boalsert kaam doedestiids mei it plan.
Neist it fytspaad moat der ek in swimgelegenheid komme foar de jongerein yn Boalsert. Dy moat no noch yn de grêften swimme.