Poadiumplak Dirk Fabriek by fjirde wedstriid NK gersbaan

06 jun 2017 - 10:41
Dirk Fabriek - Foto: Bert Swarts, Photo 2000

Dirk Fabriek fan Jobbegea is moandei tredde wurde by de fjirde wedstriid fan it Iepen NK gersbaan yn Stadskanaal. Henry van der Steen fan Aldebiltsyl foel krekt bûten it poadium, hy waard fjirde. Van der Steen docht mei syn kleassearring goede saken foar it klassemint om de Nederlânske titel. Hy stiet no tredde, efter de Romano Hummel en Dave Meijerink, dy't yn Stadskanaal earste en twadde waarden.

Skorsing Jannick de Jong

Sânfâldich Nederlânsk kampioen en oant moandei lieder fan it NK-klassemint Jannick de Jong fan De Gordyk, die moandei net mei. Fanwege in dopingskorsing mocht er net starte.

Yn totaal wurde der fiif wedstriden ferriden foar it Iepen NK. De lêste wedstriid is op 16 july yn Noardwâlde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)