Rydbaanblokken op ovonde Quatrebras wurde ferfongen

06 jun 2017 - 10:39
Ovonde by Quatrebras - Foto: Twitter, @centraleas

Op de Sintrale As binne der de kommende tsien dagen wurksumheden oan de ovonde by Quatrebras. De blokken tusken de rydbanen wurde ferfongen, om't se te heech binne. De nije blokken binne sterker en komme djipper te lizzen, sadat se minder heech boppe it asfalt útstekke. It ferkear kin in soad lêst ha fan de wurksumheden, sa falt der op buorden te lêzen.

It wurk begjint tiisdei en duorret oant en mei freed 16 juny.

(advertinsje)
(advertinsje)