Kollum: "Sûnder tradysje gjin fernijing: Fryslân 2.0"

06 jun 2017 - 08:30

"Nee, dêr sil ik it net oer ha. Der sit in grins oan kommintaar en tsjutting as it oer achterlikens giet, oer ferslaving oan bloed en dea en saneamd ferjildzjen. Der sit ek in grins oan myn selsbehearsking, en dus wol ik it yn stee dêrfan oer ús ha. Ja, oer ús. As Friezen.

Oanlieding wie de presintaasje fan it Frisian Tribe Project, ôfrûne freed yn Neushoorn. Behalve oer pre-kristlike symbolyk gie dy presintaasje yn essinsje oer identiteit. Han Nijdam fan de Fryske Akademy joech dêr in lêzing mei de titel ‘De wittenskipper, de sjamaan en de keunstner’. In tige nijsgjirrige bydrage dy’t it Frysk-wêzen yn perspektyf pleatste. Identiteit is earder floeiber as fêst, sa waard dúdlik. Identiteit feroaret, krekt as de kultuer, mar sûnder har hert kwyt te reitsjen.

Beide fêststellings koe men freedtemiddei gewaar wurde. Want it wiene gjin bûter, brea en griene tsiis-Friezen dy’t dêr omspaanden, gjin taalfassisten dy’t yn in achterôfhoekje fan it ynternet oer stavering sitte te bekfjochtsjen, en miene dat se dêrmei wat foar de taal en de kultuer te betsjutten ha, gjin doch-mar-gewoan-dat-is-al-gek-genôch Friezen dy’t harren earder skamje foar harren komôf as grutsk binne op de rykdom dêrfan.

Nee, it wiene jonge, selsbewuste generaasjes dy’t op folslein eigen wize harren identiteit oer it fuotljocht brochten. It nije gesicht fan Fryslân is útsprutsen en eigensinnich. Minsken dy’t harren ynspirearje litte troch bands lykas de Hûnekop en Baldrs Draumar, bands dy’t sjen litte dat der sûnder tradysje gjin fernijïng is. Dat nije gesicht sjocht men bygelyks ek by de Omrop, by de feroarings dy’t dêr plakfine. In proses dat net altyd sûnder slach of stjit ferrint, mar wol natuerlik en needsaaklik is. It Frysk oansjen feroaret, en de Omrop feroaret mei.

Dat nije gesicht fan Fryslân en it Frysk is ek folle frouliker as dat it oait west hat. In inisjatyf as Kneppelwoansdei hat dat dúdlik makke, mar ôfrûne freed wie dat ek net te missen. Safolle froulju dy’t harren Frysk bewustwêzen alle dagen op ferskate wizen útdrage. En wat te tinken fan Anna Marije Bloem, Anja Steegstra, Mirjam Vellinga, myn kollega Nynke van der Zee, Elbrich, Tjallien, Wieke en Tatiana, om mar ris in pear te neamen? Froulju dy’t foar in oertsjûging stean.

En dan is der noch in jonge regisseuse fan 27 jier, dy’t har troch har oplieding knokke moatten hat omdat se fanwegen har Fryskpraten skoudere waard troch de rest fan de klasse, en úteinlik sels mei minder punten ôfstudearre omdat se har stikken yn it Frysk die… In fjochter en in trochsetter dêr’t ik djip respekt foar ha, en in eksimplarysk foarbyld fan wat ik hjir sit te bewearen.

Identiteit feroaret, krekt as de kultuer, mar sûnder har hert kwyt te reitsjen. Identiteit is floeiber, hoewol’t dat ôfrûne freed miskien wat al te letterlik naam waard… Mar it hert fan de Fryske identiteit slacht sa’t it yn gjin tiden slein hat. Oars en nij en fitaal. De jonge generaasjes binne der klear foar."

(advertinsje)
(advertinsje)