Hûnderten foarlêzers op 'en paad yn Fryske Foarlêswike

Oeral yn Fryslân wurdt dizze wike wer de Fryske Foarlêswike hâlden. Dat betsjut dat der oan sa'n 12.000 pjutten yn it Frysk foarlêzen wurdt. Goed 600 foarlêzers binne fan tiisdei oant en mei freed op 'en paad, fan boargemasters oant skriuwers. It tema fan de Foarlêswike is dit jier 'Tomke troch it jier'. De Fryske Foarlêswike wurdt organisearre troch it Selskip foar Fryske Tael en Skriftekennisse yn gearwurking mei de Tomke-wurkgroep.
Yn de Foarlêswike wurdt der yn it Frysk foarlêzen oan pjutten op pjutteboartersplakken, bernedeiferbliuwen en by gastâlders. Dit wurdt dien troch pakes en beppes, heiten en memmen, mar der binne ek bekende Friezen dy't harren ynsette. Doel fan de Foarlêswike is om it aktyf brûken fan de Fryske taal te befoarderjen by jonge bern en it lêzen en foarlêzen yn it Frysk te stimulearjen
Der sil net allinnich yn it Frysk foarlêzen wurde, mar ek yn bygelyks it Stellingwerfsk, Biltsk, Skiermûntseagersk, Kloasters en Hylpers.