Fytsalvestêdetocht sûnder grutte kalamiteiten ferrûn

05 jun 2017 - 23:56

De Fytsalvestêdetocht is pinkstermoandei sûnder grutte kalamiteiten ferrûn. Der stie in soad wyn, mar fierder wiene de waarsomstannichheden geunstich. Stephan Rekker fan de organisaasje fan de Fytsalvestêdetocht is tige foldien oer hoe't de dei ferrûn is: "It wie in swiere edysje, mar nettsjinsteande de hurde wyn wiene der mar fjouwerhûndert útfallers. It wie in fantastyske dei!"

Fyftjintûzen riders stapten moandei ier en betiid op 'e fyts. Dêrfan binne der dus fjouwerhûndert útfallen. In tal is ôfstapt, in tal koe troch ûngelokken net fierder ride. Yn totaal binne der sa'n tsien ambulânseritten west foar minsken dy't ferwûne rekken of net goed wurden binne. De lêste fytsers kamen moandeitejûn om 23.40 oere oer de finish yn Boalsert, krekt foar de falbile fan 24.00 oere.

Trefwurden: 
fytsalvestêdetocht
(advertinsje)
(advertinsje)