Rienk Rozema yn syn rolstoel op wurkfakânsje nei Bolivia

06 jun 2017 - 07:02

Kristlike helporganisaasje World Servants út Wolvegea begjint dit jier mei wurkfakânsjes foar jongeren mei in hendikep. Elk jier geane sa'n 200 jongeren út Fryslân mei World Servants oan de slach by in projekt yn in ûntwikkelingslân. Oant no ta koene jongeren mei in beheining dêr net oan meidwaan, mar dat feroaret no.

Onbeperkt

By World Servants Onbeperkt kinne ek jongeren mei in beheining har oanmelde foar in projekt yn Bolivia. Yn oktober giet in earste groep mei hendikepten by nei it Súd-Amerikaanske lân. Ien fan dy pioniers is Rienk Rozema (24) út De Falom. Dat giet om in earste tariedende reis. Mei yngong fan 2018 steane wurkfakânsjes foar jongeren mei in hendikep fêst op it programma fan World Servants. 

Prinsipekwestje

It is foar de organisaasje in prinsipekwestje om ek minsken mei in hendikep de kâns te jaan om mei te gean op sa'n reis, as de omstannichheden dat talitte. Yn Bolivia kin dat, omdat de medyske foarsjennings yn dat lân goed binne. Minsken dy't mear wite wolle oer dit inisjatyf kinne telâne op de webside fan de organisaasje. 

Rienk Rozema is noch net sa hiel lang handikapt. Hy krige ferline jier in dwerslesy troch in auto-ûngelok, dat er krige doe't er besocht om in ein te ûntwiken. Rozema waard bekend troch syn blog oer hoe't it is om mei in dwerslesy te libjen. Hy gie earder dit jier yn dieltiid oan de slach by World Servants as webbouwer en hat sels de kampanje foar World Servants.nl/onbeperkt mei betocht en opset. As syn sûnens it talit is er grif fan doel om mei te gean nei Súd-Amearika. Rozema woe altiten al in kear in fiere reis meitsje. Nei syn ûngelok sette er dat earst mar út syn holle. No't dy kâns him foardocht, wol er dy mei beide hannen oangripe. Hy fynt it foaral moai om te reizgjen en tagelyk ek wat foar in oar te betsjutten. Dan leare je in lân en folk folle better kennen as in toerist, ferwachtet er. By de reis nei Bolivië binne medyske foarsjennings beskikber yn it gefal dat dy nedich binne en der is ek medyske begelieding. 

(advertinsje)
(advertinsje)