Blauhús skeakelet polityk yn by protest tsjin stjoermêst

06 jun 2017 - 06:25

De gemeentepolityk fan Súdwest-Fryslân stiet efter it protest fan de wurkgroep Antenne Blauhús om de komst fan in 40 meter hege stjoermêst yn dat doarp tsjin te hâlden. Prate mei KPN slagge net, dus skeakele de wurkgroep de polityk yn. Neffens de foarsitter fan de wurkgroep, René Couperus, hat der in posityf petear west tusken de wurkgroep en de polityk en ha dy har stipe útsprutsen. Couperus fan de wurkgroep tinkt dat de bou fan de mêst no net mear trochgean kin. 

Foarsoarchmaatregel

De ynwenners fan it doarp meitsje har soargen oer wat de strieling fan sa'n stjoermêst docht mei de sûnens. Wittenskippers en ûndersikers binne it dêr noch net oer iens, neffens René Couperus. "Fan asbest wisten we 60 jier lyn ek net dat it skealik wie." Dêrom is it neffens de wurkgroep better om as foarsoarchsmaatregel de mêst sân kilometer fierderop te pleatsen. Hy hat hoop dat dat mei de help fan de polityk slagget.

Trefwurden: 
stjoermêst Blauhûs
(advertinsje)