Wike fan de Frije Wiken giet net troch

05 jun 2017 - 21:56

Der komt dit jier gjin Wike fan de Frije Wiken yn 14 doarpen yn de Fryske Wâlden. Dat hat it bestjoer fan de Frije Wiken bekend makke. Yn de Wike fan de Frije Wiken wurde der yn ien wike yn de simmerfakânsje ferskate aktiviteiten organisearre. Fan kuiertochten, in iepen lofttsjinst, in streekmerk, mountainbike-fytsen en in nachtkuier.

Bestjoerslid Ate Eijer seit dat alle aktiviteiten it bestjoer tefolle wurde. It bestjoer hie hope en ferwachte dat de ferskate pleatslike belangen helpe soene, mar dat is net bard. Under de 14 doarpen binne ûnder oaren Jobbegea, De Gordyk, Aldeberkeap, Mildaam en Alde -en Nijhoarne.

De Frije Wiken wiene yn it libben roppen om it gebiet op de toeristyske kaart te krijen. Dit jier hie de wike fan 22 oant 29 july hâlden wurde sillen.

Trefwurden: 
De Frije Wiken
(advertinsje)
(advertinsje)