Geart Tigchelaar wint Douwe Tammingapriis

05 jun 2017 - 21:11

Geart Tigchelaar (1987) wint de Douwe Tammingapriis foar syn poëzydebút 'Leech hert yn nij jek'. Tigchelaar sil syn priis op 30 juny oerlange krije. It is de twadde kear dat de Stifting Frysk Letterkundich en Dokumintaasjesintrum (FLMD) de priis útrikke sil. De priis, ynsteld nei't de provinsje yn 2012 de Fedde Schurerpriis ôfskaft hat, is bedoeld foar dejinge dy't in proaza- en poëzydebút makket.

De sjuery, besteande út Elske Kampen, Albertina Soepboer en Jacobus Q. Smink, hat it poëzydebút fan Tigchelaar mei miene stimmen keazen. De sjuery beskriuwt 'Leech hert yn nij jek' as "in spannende bondel, dêr't alles yn brûkt en ynset wurdt om goede poëzy te meitsjen en dy't der beslist om freget faker as ien kear lêzen te wurden''.

Oan de priis is in bedrach fan 3.000 euro en in oarkonde ferbûn. It jild wurdt betelle út de opbringsten fan it Tamminga-Piebenga Fûns, dat yn behear is by de Stichting FLMD. Yn 2014 krige Ale S. van Zandbergen de priis foar de roman 'Littenser Merke'.

(advertinsje)
(advertinsje)