FIDEO: Hans Wassenaar: "Dit is wêr't je it foar dogge"

05 jun 2017 - 20:41

"Hjir wurkje je je hiel hurd foar. Twa of trije kear yn 'e wike oan it trainen en dan de wykeins fuort. Dat kostet in hiel soad. En dan is dit wêr't je it foar dogge", sei in emosjonele Hans Wassenaar moandeitemiddei nei ôfrin fan de wûne bûnspartij fan syn partoer én it fertsjinjen fan it klaverke fjouwer. Om dit klaverke fjouwer te fertsjinjen moat in keatser de Freule, de Jong Nederlân, de PC en de bûnspartij winne. Wassenaar is de trettjinde keatser yn 'e histoarje dy't it klaverke fjouwer fertsjinne hat. Wassenaar: "It sirkeltsje is rûn!"

It Ljouwerter partoer, mei Wassenaar, Enno Kingma en Joukje Bosje, wûn yn de finale mei 5-4 en 6-2 fan Seisbierrum.

(advertinsje)
(advertinsje)