Proef mei seegers liket goed

26 okt 2011 - 10:57
Oanplanting fan nij seegers - Foto: Waadferiening, Josje Fens

De fersprieding fan seegerssied yn de Waadsee liket goed te ferrinnen. Seegers is út ús Waad ferdwûn en de Waadferiening helpt it spul wer werom te krijen. Dêrfoar binne 500 pûden mei seegers út Dútslân útset op trije plakken yn de Waadsee. Yn dat gers sit sied dat sa op natuerlike wize de see ynstreamt. Fan dy 500 sekken binne tsien troch hurde wyn ferdwûn en út de oaren is al it seegers ferdwûn. Yn maaie wurdt dúdlik oft der ek echt seegers begjint te groeien.

(Advertinsje)
(Advertinsje)