Op audysje foar de haadrol yn De Kameleon

05 jun 2017 - 18:34

Fiif twillings ha moandei yn Terherne meidien oan de screentest foar de nije Kameleon-searje fan regisseur Steven de Jong. De winnende twilling fan 13 of 14 jier sil fansels de rollen fan Hielke en Sietse Klinkhamer spylje.

Steven de Jong makket de 12-dielige searje yn opdracht fan KRO-NCRV. De opnames begjinne kommende simmer. De Jong makke ek de Kameleon-films út 2003 en 2005. De ferwachting is dat de searje yn de hjerst fan 2018 op NPO Zapp te sjen is.

De twillings moasten yn it foar in selsmakke audysje-filmpke opstjoere. Nei oanlieding dêrfan waarden de fiif twillings útsocht.

(advertinsje)
(advertinsje)