Ljouwert wint bûnspartij

05 jun 2017 - 17:37

Ljouwert hat pinkstermoandei op it Sjûkelân yn Frjentsjer de 150e bûnspartij wûn. Yn de finale wie Ljouwert te sterk foar Seisbierrum mei 5-4 en 6-2. De lytse preemje wie foar Harns. It winnende partoer fan Ljouwert bestie út Enno Kingma, Joukje Bosje en Hans Wassenaar. Foar Seisbierrum keatsten Johannes van der Veen, Kees van der Schoot en Pieter van der Schoot.

Rûte nei de finale

Ljouwert wie yn 'e earste omloop te sterk foar Weidum; 5-0, 6-6. Op 'e twadde list waard Easterein ferslein mei 5-2 en 6-0. Dêrnei wie Ljouwert yn 'e tredde omloop te sterk foar Tsjummearum mei 5-0, 6-4 en yn 'e fjirde omloop mei 5-1, 6-2 foar Huzum. Yn de heale finale waard Harns mei 5-2 en 6-4 oan kant set.

Klaverke fjouwer

Foar Hans Wassenaar betsjut de winst fan de bûnspartij dat er him yn in yllúster selsskip keatst hat. Hy is no besitter fan it klaverke fjouwer. Om dit te fertsjinjen moat in keatser de Freule, de Jong Nederlân, de PC en de bûnspartij winne. Wassenaar is de trettjinde keatser yn 'e histoarje dy't it klaverke fjouwer fertsjinne hat.

(advertinsje)
(advertinsje)