Warskôging: Net smoke yn natuer op Skylge fanwege drûchte

05 jun 2017 - 16:26

De plysje op Skylge warskôget besikers om net te smoken yn natuergebieten op it eilân. It is sa drûch op Skylge, dat brângefaar driget. Neffens de ferkearslieder fan fjoertoer Brandaris, Peter van Suijlekom, komme der in soad meldingen binnen dat der rookt wurdt op lokaasjes dêr't opboud wurdt foar it festival Oerol. Dit is yn guon gefallen yn bosk en dún, en dat is nuodlik omdat de kâns op brân dêr it grutst is, seit er.

Trefwurden: 
Skylge drûchte roke
(advertinsje)
(advertinsje)