Sike Thijs van der Mark (61) fytst dochs mei yn de tocht

05 jun 2017 - 13:25

In bysûndere dielnimmer oan de Fytsalvestêdetocht moandei is de 61-jierrige Thijs van der Mark fan Feanwâlden. Hy hearde op 15 maaie dat hy sloktermkanker hat, mar docht nettsjinsteande dat minne boadskip wol mei. Om't hy mei in sonde fytst, krijt Van der Mark in soad reaksjes fan oare fytsers en it publyk.

Neffens syn soan Coen is Van der Mark posityf ynsteld en is de kondysje fan syn heit goed. Der fytst wol in maat mei Thijs mei.

(advertinsje)
(advertinsje)