Bûtenfjild-farrûte giet woansdei iepen foar boatsjes

05 jun 2017 - 11:00

Deputearre Schrier, twa wethâlders en bern fan basisskoalle Alpha út Ryptsjerk iepenje woansdei de Bûtenfjild-farrûte. Bysûnder oan dizze farrûte is dat allinnich boatsjes mei in elektryske motor der farre meie. It giet om de farferbining tusken de Grutte Wielen by Ljouwert nei de Swemmer by De Westereen.

It stik tusken de beide slûzen is ferbean foar boatsjes mei in disel- of benzinemotor. Kanofarders en suppers binne wol wolkom.

Trefwurden: 
Ryptsjerk boat farrûte
(advertinsje)
(advertinsje)