Brânwacht rêdt hartsje út de Dokkumer Ie

05 jun 2017 - 09:41

Meiwurkers fan de brânwacht en de biste-ambulânse hawwe moandeitemoarn in ree rêden út it wetter fan de Dokkumer Ie by Ljouwert. It bist is nei alle gedachten yn de Ljouwerter Bosk yn it wetter rekke en hat dêrnei in hiel stik swommen.

In tsjûge seach it bist swimmen en warskôge de helptsjinsten. Dy hawwe de ree op in brankâr lein en werom brocht nei it Ljouwerter Bosk.

(Advertinsje)
(Advertinsje)