Kollum: ''Parkear pake mar njonken de klapkarre''

05 jun 2017 - 08:30

''Participatiesamenleving. Yn 2013 brûkte de kening it wurd foar it earst yn syn troanrede. Yntusken binne we fjouwer jier fierder en is der fan dy partisipaasjemaatskippij net folle te fernimmen. Want wa't klear stiet foar in oar, moat dat dwaan yn eigen tiid. Bazen ha gjin romte foar wurknimmers dy't earder nei hûs moatte fanwege harren demintearjende mem of sike heit. Wy ha it allegearre smoardrok mei ússels, dus it is hast ûnmooglik om ek noch tiid foar in oar frij te meitsjen.

Alderen moatte hieltyd langer thús wenje, om te besparjen op de heech oprinnende soarchkosten. Op himsels prima. Mar wat as it net langer giet? Der binne bern dy't heit of mem wol yn hûs nimme wolle. Of better noch: yn in kangoeroewenning njonken de eigen wenning. Selsstannich mar toch tichtby.

Klopje mei dat plan foar de grap ris oan by de gemeente, dêr't de boufergunning weikomme moat. Yn stee fan dat se sizze: ‘Prachtich, wat in moai idee’ en dy helpe, dûkst in oerwoud fan regeltsjes yn. Want jo meie net samar in ekstra wenning yn 'e tún bouwe. Der meie nammentlik perfoarst gjin 'stedenbouwkundig onwenselijke situaties' ûntstean. En sa begjint der in juridyske striid. Mar wêr moatte heit en mem yn dy tuskentiid hinne? Njonken de túnstuollen en de klapkarre yn de garaazje?

Wa't al trochset en heit en mem yn'e hûs nimt, krijt te hearren dat dit ek finansjele konsekwinsjes hat. Want no't heit en mem gjin gas en elektra mear hoege te beteljen, kinne se ek wol wat koarte wurde op harren AOW, fynt it kabinet. Hatsjikidee, trijehûndert euro minder, wêrmei't se útkomme op krapoan 50 prosint fan it minimumlean. Ah jonge ja, draai dy kraan mar ticht. En sadelje mantelsoargers ek noch mar op mei de finansjele gefolgen fan dizze naastenliefde.

Gelokkich binne se dêr yn Den Haach noch krekt op tiid by har folle ferstân kaam. Ofrûne wike melde Jeroen Dijsselbloem dat dizze saneamde Mantelzorgboete definityf fan de baan is. Sa oan de ein fan syn kabinetsperioade wie er bliid dat der einliks in streek troch koe. ‘Je moet de zaken netjes achterlaten', joech er as kommintaar. Eeh, hallo?

De zaken netjes achterlaten? Wat is dat foar ûnsin? Jo moatte de saken altyd netsjes ha. Want bêste Jeroen: wa kaam mei dit plan op de proppen? Dyn eigen kabinet toch seker? Do siest sels op de stoel as Minister fan Finansjen doe't dit ferskriklik domme idee betocht waard. Hiest ek fuort sizze kinnen: ‘Ho ris efkes. Dit rekket kant noch wâl. Dit gean we dus net dwaan.’ Mar no bist yn ien kear de held. Bytsje nuver.

Ek steatssekretaris Jetta Klijnsma wie ferromme mei it skrassen fan it plan foar de mantelzorgboete. En ek sy siet oan de tekentafel fan dit idee, nota bene as steatssekretaris foar Sociale Zaken. Wat mankearret sokke minsken om dit soart plannen te meitsjen en dan krekt foar fertrek de stekker der út te lûken en dêr noch grutsk op te wêzen ek? Dit is like slim as ien jierrenlang pleagje en dan op de lêste skoaldei yn groep 8 sizze: ‘Ho, sorry. Dat hie sa net moatten. Moarn boartsje?’

Sa wurket it net. Wa't A seit moat ek B sizze. En wa't participatiesamenleving seit, moat syn belofte neikomme en ús de kâns jaan om dat foar elkoar te krijen. Want as der én gjin tiid én gjin jild is foar soksoart moaie plannen, dan wurdt it fansels noait wat. Parkear pake dan fuort mar njonken de fouwwein.''

(advertinsje)