Motor folslein útbrând yn Stiens

05 jun 2017 - 07:48

De brânwacht fan Stiens moast moandeitemoarn al betiid útride, om't der op de Plataanstrjitte in motor yn de brân stie. De bestjoerder fan de motor soe moandei meidwaan oan de alvestêdetocht, doe't troch noch ûnbekende oarsaak de motor yn de fik fleach.

De brânwacht wie fuortendaliks te plak en hie it fjoer al gau ûnder kontrôle. De motor fan de man is wol folslein útbrând. It wrak is letter troch in wein burgen.

Trefwurden: 
brânwacht Stiens brân motor
(advertinsje)
(advertinsje)