LIVEBLOG: Folgje de Fytsalvestêdetocht

15.000 riders stappe op dizze Pinkstermoandei wer op de fyts foar de 235 kilometer lange Fytsalvestêdetocht. Moandeitemoarn sette de tocht yn Boalsert útein mei it startskot fan kommissaris fan de Kening Arno Brok. Yn dizze liveblog hâlde wy dy op de hichte fan alle nijtsjes dy't foarby komme op social media en in seleksje fan de hichtepunten fan telefyzje.