FIDEO: Frjemde bewenners yn de eko-katedraal

05 jun 2017 - 06:30

De unike eko-katedraal fan Louis le Roy yn Mildaam is it dekôr foar allike eigensinnige muzyk. Slachwurk mei de natuer as ynstrumint (ûnder oaren fan John Cage) en in oade oan it libben fan Homerus, spile op fjouwer blompotten as gamelan. En dat klinkt bjusterbaarlik goed.

Ensemble Ludwig, mei Arnold Marinissen as artistyk lieder, nimt it publyk mei yn de wrâld fan Le Roy. De keunstner ferstoar yn 2012 yn Oranjewâld, mar hie dit konsert perfoarst wurdearre. Muzyksjoernalist Thea Derks docht in ynlieding yn de bus derhinne.

Omrop Fryslân op it Oranjewoud Festival

It Oranjewoud Festival is in festival dêr’t in breed publyk him thús fielt: fan klassike muzyk- en kultuerleafhawwers, oant hipsters of húshâldingen mei bern. Muzikale foarstellingen fan hege kwaliteit foarmje de basis fan it festival. De leechdrompelichheid fan it festival makket it tagonklik foar in grut publyk. Sjoch foar de reportaazjes op www.omropfryslan.nl/oranjewoudfestival.

(Advertinsje)
(Advertinsje)