Kommissaris Arno Brok jout startskot fytsalvestêdetocht

04 jun 2017 - 21:11
Foto: ANP

Kommissaris fan de Kening Arno Brok jout moandeitemoarn om fiif oere it startsein foar de fytsalvestêdetocht. Dat makke foarsitter Stephan Rekker sneintejûn bekend by de lêste briefing oan de rayonhaden oer de tocht fan moandei.

Neffens de rayonhaden leit de rûte der prima by. Ek yn Harns en Tsjummearum, dêr't oan de dyk wurke wurdt, is de rûte sûnder problemen.

(advertinsje)
(advertinsje)