UPDATE: Apparteminten yn Wolvegea ûntromme nei keukenbrân

04 jun 2017 - 19:49
Foto: De Vries Media

In appartemint oan de Breuningslaan yn Wolvegea is sneintejûn útbaarnd. De brân ûntstie om 19.00 oere hinne yn de keuken nei't in frituerpan te hyt waard en it fjoer fersprate him al gau nei de oare fertrekken fan de wenning. Der waarden meardere blusweinen en in heechwurker oproppen. De wenning en ek de njonkenlizzende apparteminten binne dêrnei ûntromme, omdat der in soad reek frijkaam. De brânwacht hie de brân lykwols gau ûnder kontrôle en joech om 20.00 oere it sein brân master.

Der is nimmen ferwûne rekke by de brân.

Trefwurden: 
keukenbrân Wolvegea
(Advertinsje)
(Advertinsje)