Spesjaal e-mailadres foar yntocht Sinteklaas yn Dokkum

04 jun 2017 - 17:22

Om alle fragen oer de lanlike yntocht fan Sinteklaas yn Dokkum te beäntwurdzjen, hat de gemeente Dongeradiel in spesjaal e-mail-adres iepene. Op sinterklaas@dokkum.nl kinne minsken terjochte mei fragen en opmerkingen oer de yntocht.

Sa wolle minsken no al witte wat de rûte is. De gemeente jout oan dat dêr noch oer neitocht wurdt. Minsken dy't har oanmelde wolle as Swarte Piet, kinne dat ek dwaan op it spesjale mailadres. Dat jildt ek foar minsken dy't oar frijwilligerswurk dwaan wolle, bygelyks as ferkearsregelder, EHBO'er, artyst of grimeur.

(advertinsje)
(advertinsje)