Positive dopingtest gersbaanracer Jannick de Jong

Jannick de Jong © De Vries Media
Gersbaanracer Jannick de Jong is per direkt skorst om't er in positive dopingtest ôflein hat. Dat meldt de Koninklijke Nederlandse Motorrijders Vereniging. De Jong waard op 30 april by de twadde wedstriid om it Iepen Nederlânsk kampioenskip gersbaan yn Eenrum posityf test. It is noch net dúdlik op hokker ferbean middel.
Hy soe moandei meidwaan oan de fjirde wedstriid om it Iepen NK yn Stadskaal, mar is dêr dus net oanwêzich.
Jannick de Jong waard Europeesk kampioen gersbaanracen yn 2013, 2014 en 2015, en wrâldkampioen yn 2015. Ek waard er sân kear Nederlânsk kampioen.
De koereur wie sels net berikber foar kommentaar.