Moniek Klijnstra is Nederlânsk kampioen ien rûntsje

04 jun 2017 - 15:04
Foto: Neeke Smit, Timsimaging.nl

Moniek Klijnstra is snein Nederlânsk kampioen op de one lap wurden. De skeelerster út Sint-Jânsgea wie op it weiparkoers yn Wolvegea krekt te sterk foar rivale Bianca Roosenboom. Der wie in fotofinish nedich om de winner fêst te stellen. Berber Vonk fan Appelskea wûn it brûns.

It is in súksesfol Nederlânsk kampioenskip foar Klijnstra. Earder wûn se dit wykein ek al sulver op de 300 meter en de 500 meter.

By de manlju gie it goud nei Ronald Mulder.

(Advertinsje)
(Advertinsje)