Van der Zwan: Ynsette op flotte yntegraasje flechtlingen

04 jun 2017 - 14:06

It nije kabinet moat folop ynsette op fluggere yntegraasje fan flechtlingen. Dat seit boargemaster Tjeerd van der Zwan fan Hearrenfean. Yn programma Buro de Vries fan Omrop Fryslân joech Van der Zwan, dy't foarsitter is fan de Fryske taskforce Statushâlders, oan dat de begelieding fan 'nije Nederlanners'  te stadich giet.

Der wurde wol stappen makke en op guon plakken giet it ek hieltiid better, mar oer it generaal giet it noch net hurd genôch mei de begelieding fan statushâlders nei wurk en opliedings. Neffens Van der Zwan moat it nij te foarmen kabinet dêr mear op ynsette en minder op de gedachte dat flechtlingen sa gau mooglik werom moatte nei harren eigen lân. As dat net bart krije we yn de takomst in noch folle grutter yntegraasje-probleem. 

Tûkelteammen 

Der binne yn Fryslân in soad frijwilligers dwaande mei de opfang en begelieding fan flechtlingen. Dat komt foaral út de mienskip. Mar de frijwilligers en flechtlingen rinne tsjin aardich wat tûkelteammen oan. Yn Jorwert bygelyks wennet in Syrysk gesin fan tsien minsken. Op himsels giet dat goed, mar de burokrasy smyt wol geregeld problemen op. 

Mohamed Haj Ali út Harns wyt dêrfan mei te praten. Twa jier lyn kaam hy yn Nederlân en sûnt febrewaris wennet er yn Harns, mar pas dizze wike begjint syn kursus Nederlânsk. Fierder is it dreech om it paad te finen yn de Fryske mienskip. Hy soe graach mear ynformaasje hawwe wolle oer hoe't ús mienskip wurket, hoe't hy wurk fine kin en mear yn kontakt komme kin mei ús ynwenners.

Sels útfine

Underwiis is in wichtige skeakel yn de yntegraasje fan de flechtlingen. De bern gean nei skoalle en leare sa de taal en gewoanten it bêste. Mar ek op skoallen is it in syktocht. Yn Wommels bygelyks hawwe se in pear flechtlingebern. Skoalle de Opslach moast it foar in grut part sels útfine, hoe't se it bêste les jaan kinne en omgean kinne mei de problemen fan de bern út flechtlingegesinnen. Juf Janke Singelsma en Feikje Toering, de direkteur fan de skoalle, hiene graach mear hânfetten krigen fan de oerheid.

Svetlana Bondo kaam tweintich jier lyn as flechtling út Ruslân. Se wennet no yn Holwert en hat haar paad fûn. It duorrre sa'n fiif jier foardat se har echt thúsfielde. No hat se in eigen bedriuw en har paad hielendal fûn. Har earste jierren wenne se op It Amelân. In lytse mienskip. Neffens har in gelok, want dan is de opfang hiel tichtby en kom je folle gauwer tusken de minsken.

Der binne in protte tûkelteammen, mar op guon plakken giet it ek hiel goed. Benammen troch inisjativen út de mienskip. Yn Warkum is in groep frijwilligers drok dwaande flechtlingen te helpen harren paad te finen. Piet van der Meer is ien fan dy minsken. Hy fertelt dat in groep fan 30 flechtlingen stipe krijt by taallessen, meinaam wurde nei aktiviteiten en der wurdt ek sjoen wêr't minsken meidwaan kinne oan frijwilligerswurk.

(advertinsje)
(advertinsje)