Boek oer fêstrûne en fergiene skippen by Flylân

Yn syn passy om de skiednis fan Flylân fêst te lizzen, is der in nij boek fan Jan Houter ferskynd. Yn dit boek dûkt hy yn de skiednis fan KNRM-stasjon Flylân. Boppedat hat hy fan de ôfrûne 400 jier útsocht hokfoar skippen der fêstrûn of fergien binne. It boek begjint mei Caspar de Robles dy't yn 1572 oan Alva meldt dat tidens in swiere stoarm tsien saneamde 'geuzenschepen' op it strân fan Vlie - sa't it eilân Flylân doe hjitte - fêstrûn wienen.

Fansels ûntbrekt it ferhaal fan 'e Lutine net. Dat skip fergie yn 1799 tusken Skylge en Flylân mei in grutte lading goud oan board. In part dêrfan is nea werom fûn. En ek de West Aleta ferdwûn dêr yn de golven. Dat wie yn 1920. It skip hie in grutte lading drank oan board dêr't de eilânners noch in skoft lang op feesten en partijen fan genoaten hawwe.

Jan Houter hat op de kop ôf 25 jier ûndersyk dien om alle feiten boppe wetter te krijen. Krekt doe't hy tocht dat it klear wie, it boek lei al by de printer, fergie op 23 april it Poalske jacht Dunlin wêrby't ien persoan om it libben kaam. De parse waard stil set en ek dit ferhaal krige in plakje yn it nijste boek fan Jan Houter.