Lotsje foar boukavel yn Wolvegeaster Lindewyk

04 jun 2017 - 12:12

Foar de fjirtjin boukavels oan it Heideblauwtje yn de Lindewyk yn Wolvegea is safolle belangstelling, dat der lotte wurde moat. De kavels binne 600 oant 900 kante meter grut, lizze oan it wetter en yn de natuer fan it Fryske Gea en Steatsboskbehear. Se kostje tusken de 170.000 en 290.000 euro. Minsken kinne har oant en mei 30 juny ynskriuwe foar in kavel.

De lotting is op 6 july. Sneon 24 juny wurdt de Heerlijk Wonendag holden yn de Lindewyk. Dan kinne belangstellenden mear ynformaasje krije oer de kavels. 

Trefwurden: 
boukavel Lindewyk Wolvegea
(advertinsje)
(advertinsje)