UPDATE: Stroomsteuring Noardeast-Fryslân ferholpen

04 jun 2017 - 11:08

Op Skiermûntseach en yn it part fan Dongeradiel is sneintemoarn tsjin alven de stroom útfallen. Dat meldt netbehearder Liander. De folgjende doarpen sieten in skoft sûnder stroom: Eanjum, Ie, Ingwierrum, Mitselwier, Nes Dongeradiel, Easternijtsjerk, Eastrum en it eilân Skiermûntseach. 

De oarsaak fan de steuring is noch net bekend, mar it probleem siet yn in kabel. Liander hold der rekken mei dat it wol in pear oeren duorje koe foardat eltsenien yn it gebiet wer stroom hie, mar dat foel ta. Om 12.10 oere hie eltsenien wer elektrisiteit.  


 

(advertinsje)
(advertinsje)